Brechje Huzum-Doarp moanne lang net te brûken

02 jul 2017 - 20:35

It karakteriske wite brechje fan Huzum-Doarp is mei yngong fan moandei ôfsletten foar al it trochgeande fytsferkear. De brêge is heech nedich oan grut ûnderhâld ta. It giet dan ûnder mear om it dek fan de brêge. Ek komt der nije ferljochting.

It wurk begjint moandei en duorret oant en mei 4 augustus. Foar fuotgongers en fytsers is der in omliedingsrûte. Net fier fan Huzum-Doarp rint in trochgeand fytspaad lâns de Potmarge. De rûte troch Huzum-Doarp is in populêre trochgeande fytsrûte rjochting it sintrum fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Huzum-Doarp brechje
(Advertinsje)
(Advertinsje)