Himmel waar op útferkocht Lauswolt-konsert

Foar de trettjinde kear is snein it Lauswoltkonsert hâlden op it bûten Lauswolt yn Beetstersweach. It Noard-Nederlânsk orkest brocht lykas gebrûklik in ôfwikseljend programma fan klassike muzyk oant jazz en rock. It waar siet dit jier mei en de paraplu wie sadwaande net nedich foar de 1500 besikers.

Alhoewol't de goedkeapste kaartsjes 85 euro kostje wie it konsert al wiken yn it foar útferkocht. Lauswolt-direkteur Marc van Gulick is tige wiis mei it evenemint. Mar alhoewol't de tún fan Lauswolt grut genôch is, tinkt hy net oan útwreiding.