Partoer Bauke Triemstra te sterk foar Van der Bos yn Harns

02 jul 2017 - 18:33

It partoer fan Bauke Triemstra hat snein ferrassend de Hotze Schuil-partij wûn. Yn Harns wûnen se yn de finale fan it hast net te kloppen partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Bauke Triemstra wûn mei Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra mei 5-3 en 6-2. Yn in spannende, mar minne finale gong it oan 3-3 lyk op. Op 4-3 en 6-6 sloech Steenstra de bal bûten en dêr kamen se net mear boppe-op. Bauke Triemstra waard útroppen ta kening fan de partij.

Fan de tsien haadklasse partijen wûn Van der Bos en dy der fiif en stiene se sân kear yn de finale. Kootstra waard krekt hjirfoar oan de kant set troch Renze Pieter Hiemstra en naam yn it partoer fan Bauke Triemstra it plak fan Patrick Scheepstra oer. De lytse preemje wie foar Peter van Zuiden, Kees van der Schoot en Evert Pieter Tolsma. Se ferlearen yn de heale finale mei 5-4 en 6-6 fan de lettere winners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)