Bromfytser negeart stopteken, falt en ferspilet bromfyts

© Omrop Fryslân
In 33-jierrige bromfytser út Ljouwert negearde sneontenacht yn de Jan Evenhuisstrjitte in stopteken fan de plysje. Dat pakte net goed út foar de Ljouwerter. De man naaide hurd út, mar de plysje helle him yn en de man foel. De bromfytser krige doe't er wer oerein wie mar leafst trije boetes: ien foar it negearen fan it stopteken, ien foar it net toanen fan syn rydbewiis en ien foar it riden mei in bromfyts mei in WOK-melding. It lêste hâldt yn dat de bromfyts keurd wurde moat, foardat der wer op riden wurde mei.

De plysje hat de bromfyts dêrom mar yn beslach nommen.