Ungelok op de A32 by Aldeholtwâlde

02 jul 2017 - 18:05

Op de A32 by Aldeholtwâlde binne sneintemiddei twa auto's botst. It ûngelok ûntstie nei alle gedachten trochdat de auto's by it ynfoegjen te ticht byinoar kamen. De ynsittenden fan de auto's binne ûndersocht troch meiwurkers fan de ambulânse. 

Fanwege it ûngelok moast de A32 tydlik ôfset wurde. It ferkear waard omlaat oer de paralleldyk. Beide auto's rekken slim skansearre en binne nei alle gedachten net mear te brûken. 

Trefwurden: 
botsing A32
(advertinsje)
(advertinsje)