"Nederlânske fiskers net mear wolkom foar Ingelske kust"

02 jul 2017 - 16:31

It Feriene Keninkryk wol it fiskerijferdrach út 1964 mei Ierlân, Nederlân, Frankryk, Dútslân en België sa gau mooglik opsizze. Dat hat de Britse miljeuminister Michael Gove tsjin de BBC sein. It ferdrach regelet dat fiskers út de neamde lannen fiskje meie yn it gebiet tusken de 6 en 12 myl fan de Ingelske kust. Gove seit dat it heech tiid wurdt dat it Feriene Keninkryk wer 'kontrôle krijt' oer dizze fiskwetters. 

It fiskjen ticht by de kust is wichtich, omdat dêr in soad fisk te finen is. Yn it ramt fan Brexit-ûnderhannelingen wurdt ek praat hoe't it komt mei it fiskjen yn it gebiet tusken de 12 en 200 myl fan de Ingelske kust. It opsizzen fan it ferdrach betsjut ek dat Britske fiskersboaten it rjocht ferlieze om tusken de 6 en 12 myl fan de kust fan oare Europeeske lannen te fiskjen. De organisaasje fan Britske fiskers is bliid mei it beslút om it fiskerijferdrach op te sizzen. 

Nederlânske Europarlemintariérs warskôgen earder ek al foar de mooglik earnstige gefolgen dy't Brexit hawwe kin foar de Nederlânske fiskerijsektor. It opsizzen fan it fiskerijferdrach wurdt sjoen as in earste stap. 

Trefwurden: 
fisk Brexit Feriene Keninkryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)