Ried Ljouwert praat wer oer beweechbere Prins Hendrikbrêge

02 jul 2017 - 16:01

De gemeenteried fan Ljouwert praat moandeitejûn opnij oer it wol of net beweechber meitsjen fan de Prins Hendrikbrêge yn de stêd. De brêge kin al sûnt 1969 net mear iepen, mar ferskate partijen sizze dat it in ympuls foar de stêd wêze soe, as de brêge wer iepen kin. Niek Donker fan de museumhaven yn Ljouwert is ien fan de minsken dy't der trije jier lyn foar soarge dat de Prins Hendrikbrêge wer op de politike aginda kaam.

De kolleezjepartijen yn de Ljouwerter gemeenteried tinke al tiden wakker ûngelyk oer de plannen om de brêge beweechber te meitsjen. PAL/GrienLinks is entûsjast oer it plan. Nestor Piet van der Wal fan PAL/GrienLinks sei earder dat it in 'histoarysk fersin' west hat om ein jierren '60 in fêste brêge te bouwen op it plak fan in eardere beweechbere brêge.

Kolleezjepartner CDA neamde it earder 'ûnrealistysk' fanwege de hege kosten. It soe gean om 10 miljoen euro. Wethâlder Friso Douwstra sei yn oktober dat de gemeente Ljouwert wol oare prioriteiten hat. Doe wie hy noch fraksjefoarsitter fan it CDA,

Trefwurden: 
Prins Hendrikbrêge
(Advertinsje)
(Advertinsje)