Mishanneling op Gigantenfestival yn Aldtsjerk

02 jul 2017 - 15:03
Foto: Omrop Fryslân

De plysje fan Noardeast-Fryslân moast sneontenacht yngripe by de feesttinte fan it Gigantenfestival yn Aldtsjerk. In man (23) út de gemeente Dantumadiel hie dêr twa feestgongers mishannele. Hy waard dêrfoar oanhâlden.

Earder op de jûn snipte de plysje by in ferkearkontrôle by Sumar in auto mei boltsjes mei drugs. Yn de auto sieten trije manlju. Twa fan de trije koene harren net legitimearje. Twa manlju fan 20 en 31 jier waarden oanhâlden. It giet om manlju dy't net it rjocht hawwe om yn Nederlân te ferbliuwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)