Plysje pakt Drint op foar ynbraak yn Fryslân

02 jul 2017 - 10:25
Foto: ANP

De plysje hat sneontejûn in 23-jierrige man út Assen oanholden nei in ynbaak yn Drachten. De man hie in tablet en twa laptops by him. Dy wienen stellen út in wenning oan it Grasland.

Plysjes dy't op de melding fan de ynbraak ôfkaam wienen, seagen de man in eintsje fierderop stean, en ha him meinaam. De resjerzje ûndersiket de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)