Gjin belangstelling: sloepe-alvestêdetocht giet net troch

02 jul 2017 - 08:59
De Prinsetún yn Ljouwert - Foto: Meteo Nederland

De alvestêdetocht foar sloepen, dy't snein yn Harns fan start gean soe, giet net troch. It oantal dielnimmers is te lyts. Dizze wike hiene der noch wer in pear sloepe-eigeners ôfsein, en doe't der noch mar twa oerbleaunen, hat de organisaasje de tocht skrast.

It wie de bedoeling om mei de tocht jild yn te sammeljen foar de stichting Michael-Wings. Dat is in stichting dy't meihelpt om op berneôfdielingen yn sikehuzen fergees ynternet oan it bêd te krijen.

Ferline jier wie de earste edysje fan de alvestêdetocht foar sloepen en doe is der goed seistûzen euro by elkoar brocht. It doel wie om by dizze twadde kear fyftjintûzen euro by elkoar te farren, mar dat slagget dus net. De fjouwertûzen euro dy't der al wie, sil oermakke wurde nei de Stichting Michael-Wings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)