FIDEO: Omstanner skelt op plysjes by slim ûngelok Sint-Nyk

02 jul 2017 - 07:39

By Sint-Nyk is yn de nacht fan sneon op snein ien persoan slim ferwûne rekke doe't er mei de auto tsjin in beam botste. Dat gebeurde oan de Tsjûkemarwei, om goed kertier oer twaen. Helpferlieners ha sawat trije kertier nedich hân om it slachtoffer safier te krijen dat er mei de ambulânse nei it sikehûs koe.

Skellende omstanner

Plysjes ha ek ien oanholden op de plak fan it ûngelok. It giet om in omstanner, dy't de helpferliening yn it paad stie. Hy skold de helpferlieners út. Doe't er ek fysyk oan de plysjes siet, ha se him oanholden.

Traumahelikopter

De N927 hat fannacht yn beide rjochtingen ôfsletten west, ûnder oare om romte te meitsjen foar de traumahelikopter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)