Tsiende ALS-dei Jirnsum smyt 33.500 euro op

Yn Jirnsum is sneon de tsiende en dêrmei lêste ALS-dei hâlden. De dei hat 33.500 euro opsmiten. ALS is in ûngenêslike senuw- en spiersykte, dêr't noch altyd gjin behanneling of medisyn foar is. ALS Jirnsum is tsien jier lyn oprjochte troch Ronald de Haan, dy't troffen waard troch de sykte. Hy is yn 2015 stoarn.
De Stichting ALS Friesland bliuwt wol bestean om aksjes foar ALS yn Fryslân te stypjen. Sneon wiene der fyts- en kuiertochten, optredens fan muzikanten lykas Johannes Rypma, De Kast en Jitizer. Yn tsien jier tiid hat de Stichting ALS Friesland seis ton opbrocht, jild dat brûkt is foar ûndersyk.