Dronryp wint it NK keatsen foar skoaljonges

It NK keatsen foar skoaljonges yn Winsum is sneon wûn troch it partoer fan Dronryp. Jorn Lars van Beem, Rick Minnesma en Justin Krottje fersloegen yn de finale de jonges fan Berltsum (Thomas Dijkstra, Edgar van Wigcheren en Rink Rudmer Sterk) mei 5-3 en 6-0. It lêste earst waard wûn mei fjouwer sitballen fan Dronryp.
De 3e prizen wiene foar de partoeren fan Baard en Gaast.