Wommels pakt wer de titel op de Jong Fammepartij

De finalisten foar de wedstriid © Ymkje Broersma
Wommels hat ek dit jier de Jong Fammepartij yn Mantgum wûn. Yn de finale wûnen se mei 5-1 en 6-2 fan Ljouwert. Der stiene by de 14e edysje fan dizze partij 21 partoeren op de list. It partoer fan Wommels bestiet út Anna-Brecht Bruinsma, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia. Yn de twadde omloop hiene de froulju it opfallend dreech tsjin it partoer fan Grou, alles kaam oan de hang en de beslissing foel mei in kweaslach fan Ymkje Yntema.
Ferrassend wie ek it ferlies fan it toppartoer fan Peins, sy giene op de twadde list ûnderút tsjin Dronryp, dat dêrnei ferlear fan Marsum. De tredde priis wie foar de froulju fan Marsum: Serena Hovenga, Lotte Delgrosso en Marije Hellinga, sy ferlearen yn de heale finale fan it duo Annelien Broersma en Jeske de Boer fan Ljouwert.
Alle útslaggen binne te finen op www.kaatsnieuws.com