Man (51) út Ljouwert fermist

26 okt 2011 - 16:41

De plysje Fryslân ûndersiket de fermissing fan Paul Wouters (51) út Ljouwert. Wouters hat syn hûs 24 oktober oerspand ferlitten. Hy is fuortriden yn syn reade Ford Fiesta. Dizze auto is in dei letter leech werom fûn yn de Edisonstrjitte yn Ljouwert. Wouters hie in ljochtblauwe spikerbroek oan, in bêzje shirt mei blokken en in wite eskimojas. Tsjûgen dy't him sjoen hawwe kinne de plysje belje.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje fermissing
(Advertinsje)
(Advertinsje)