Boargemaster Crone slút kafee 'Aytta' foar in healjier

It kafee is foar in heal jier sletten © Google Street View
Feestkafee Aytta oan De Weaze yn Ljouwert moat fuortendaliks de doarren slute. Boargemaster Crone hat dat besletten. It kafee fersteurt geregeld de iepenbiere oarder en hannelet yn striid mei de feilichheid en de goede seden. De eigener hat dat sneon persoanlik èn fia in brief te hearren krige.
De sluting jildt foar seis moanne en is sneontemiddei 1 july om seis oere yngien.