Primeur foar kleanbus troch Súdwest-Fryslân

01 jul 2017 - 19:15

Sneon gie de kleanbus foar it earst troch Súdwest-Fryslân. Yn gearwurking mei de kleanbank yn Boalsert hat in groep frijwilligers in âlde bus út Dútslân sa ynrjochte dat minsken der klean keapje kinne tsjin in frijwillige bydrage. Doel is om minsken yn plattelânsdoarpen te berikken.

It is net allinnich in ridende kleanwinkel, dêr't jo klean bringe en helje kinne. It is likegoed in sosjaal projekt, dêr't minsken elkoar moetsje kinne foar in praatsje by in bakje kofje. Sjoch foar mear ynformaasje op www.kledingbusswf.nl

(Advertinsje)
(Advertinsje)