Fryslân wint de fierljeptwakamp fan Hollân

01 jul 2017 - 17:54

Fryslân hat nei trije ferlerne edysjes wer ris de fierljeptwakamp tsjin Hollân wûn. Yn Bûtenpost waard it úteinlik in oerwinning mei in ferskil fan 5.66 meter. By de famkes ljepte Sigrid Bokma mei 14.51 it fierste. Jarich Wijnstra wie de bêste by de jonges mei in sprong fan 17.94. By de junioaren wie Jan Teade Nauta de bêste mei 18.14. By de froulju wûn Dymphie van Rooijen mei 15.43 en by de senioaren wie Erwin Timmerarends de bêste mei 20.01. Marrit van der Wal en Nard Brandsma waarden twadde mei 15.27 en 19.80.

Fan de fiif kategoryen wûn Fryslân trije (famkes, jonges en junioaren) en Hollân twa (froulju en senioaren).

(advertinsje)
(advertinsje)