Kampanje brânwacht fan Boalsert leveret fiif nije minsken op

01 jul 2017 - 17:00

De brânwacht fan Boalswert hat der fiif nije frijwilligers by. De kampanje fan de ôfrûne wiken hawwe fjouwer manlju en ien frou opsmiten, sy wolle yn de oplieding om by de brânwacht te kommen.

It korps wie de ôfrûne tiid op allerhande eveneminten presint om minsken entûsjast te meitsjen foar de brânwacht. Se rjochten har dêrby op ynwenners fan tusken de 18 en 40 jier.

Trefwurden: 
brânwacht Boalsert
(Advertinsje)
(Advertinsje)