De 'griene long' fan de Ljouwerter wyk Nijlân is wer iepen

It park waard feestlik iepene © Gemeente Leeuwarden
It park 'de griene long' yn de Ljouwerter wyk Nijlân is wer tagonklik foar publyk. It sintrale fivergebiet is nei in opknapbeurt omfoarme ta it 'Central Park' fan de wyk.
De griene long wie altyd wol moai, mar net oangenaam om yn te wêzen. Der binne no mear paden en brêgen makke, der is mear ferskaat oan grien en der is mear kontakt mei it wetter.
Yn de Marijkestrjitte is in brêge mitsele en der is in nije hingbrêge oanlein flakby de Surinamestrjitte. By it wyksintrum is in saneamde 'beweechtún' foar senioaren makke. It ûntwerp foar it nije park is fan de gemeente Ljouwert en wenningstichting WoonFriesland yn gearwurking mei de bewenners fan de wyk Nijlân. Wethâlder Jan Atze Nicolai hat it park sneontemoarn offisjeel iepene, middeis wiene der feestlike aktiviteiten foar de bewenners.