Iepen dei by Pauperfontein fan pimels yn Warkum

01 jul 2017 - 15:33

In fontein mei tsientallen pimels, as satiryske reaksje op de Eleven Fountains fan Kulturele Haadstêd. Sneon wie der iepen dei yn Warkum by de saneamde Pauperfontein. Keunstner Henk de Boer hat de Pauperfountain, dy't bestiet út tsientallen pimels, ûntworpen.

Foar de bou fan de Pauperfontein is ek in crowdfundingsaksje holden. Der heart ek in teäterstik by. Wa't benijd is nei de fontein en prate wol mei de makkers, kin sneontemiddei tusken 15.00 en 18.00 oere terjochte yn Warkum, by de wurkpleats fan JMI-betimmering oan de Hoekseize 12. 

Trefwurden: 
pauperfontein Warkum
(advertinsje)
(advertinsje)