Marinus Dijkhuizen: "Er moeten nog wel 6 of 7 spelers bij"

01 jul 2017 - 13:32

Der kaam net in soad publyk ôf op de earste training fan SC Cambuur. Sa'n 600 supporters namen de muoite om nei de earste training fan it nije seizoen te kommen. Yn de earedifyzjetiid kamen der samar tûzenen supporters. Dat Cambuur no earder begjint as oars, yn de earste difyzje spilet, en noch net in hiel soad nije spilers oanlutsen hat, soe it ferskil ferklearje kinne.

Noch seis of sân nije spilers

Cambuur seach fan 't simmer in folslein alvetal fuortgean. Jamiro Monteiro is de lêste. Hy giet nei Heracles. En Jerge Hoefdraad siket ek noch in nije klup. Hoefdraad soe dan de tolfde man wêze dy't Ljouwert ferlit. Foar de nije trainer Marinus Dijkhuizen is dat wol spitich.

"Ik heb deze zomer wel eens gedacht: jammer. Maar we moeten gewoon kijken naar nieuwe spelers. Dat kan soms lang duren," seit Dijkhuizen, "maar het kan ook zijn dat we volgende week al wat nieuws kunnen melden. Ik verwacht zo'n zes tot zeven nieuwe spelers. We zijn het volledige middenveld kwijtgeraakt (Bakker, Van de Streek, Monteiro en Noor, red.) en we willen ook voorin op links en in de spits ons versterken."

Nije Keeper: Jesse Bertrams

Cambuur hat earder al twa nije spilers oanlutsen. Alwin Daniels is oerkaam fan FC Dordrecht en Jesse Bertrams is de nije keeper. Hy moat de konkurrinsje oangean mei Pieter Bos, mar hat wol al rêchnûmer 1 krigen. "Dat geeft wel vertrouwen", seit Bertrams.

Bertrams spile yn de jeugd fan PSV en by Jong PSV yn de earste difyzje. It lêste jier spile er yn België, by Lommel United. Dy klup spilet yn de Eerste Klasse A. Dat binne de bêste acht ploegen op it twadde nivo fan België. "België heeft een beetje een apart systeem. Ik moest er eerst ook een paar weken voor studeren, maar het niveau is wel hoog. Vergelijk het maar met de beste vier ploegen in de Nederlandse eerste divisie en de onderste vier van de eredivisie."

Proefspilers

Cambuur hat op dit stuit ek in proefspiler. Ibrahim Touré spile ferline jier by FC Dordrecht. Dijkhuizen: "Die zal nog even wat langer in de voorbereiding meedraaien. Daarna belissen we of ie mogelijk bij de eerste selectie komt en aansluit bij de beloften." De 20-jierrige keeper Fredrik Ibsen út Denemarken komt yn oanmerking foar it plak fan tredde keeper, mar wie der hjoed al net mear by. Moandei komt der in Bulgaarske spits op proef.

(Advertinsje)
(Advertinsje)