Judoka Ausma hoecht de matte net op foar brûns yn Sina

01 jul 2017 - 13:01
Natascha Ausma op in training

Judoka Natascha Ausma fan Lippenhuzen hat in brûnzen medalje pakt by de Grand Prix yn Hohhot yn Sina. Se hoegde yn de klasse oant 70 kilo net yn aksje te kommen foar it tredde plak. Har Koreaanske tsjinstanner woe net. Dêrtroch gie it tredde plak automatysk nei Ausma.

Freed slagge Margriet Bergstra fan De Lemmer der net yn om in it Sineeske Hohhot in medalje te pakken. Se ferlear de striid om it brûns yn de klasse oant 57 kilo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)