Man út Beetstersweach stiet oan it roer fan Paleis Het Loo

De man dy't yn Apeldoorn ferantwurdlik is foar de folsleine kolleksje fan Paleis Het Loo, is in Fries. Syn namme: Johan de Haan. Hy is hikke en tein yn respektyflik Beetstersweach en Boalsert.
Haadkonservator De Haan stiet foar in enoarme klus: foar it earst sûnt 1984 sil it paleis folsein renovearre wurde. Yn jannewaris giet it paleis foar trije jier ticht. Oant dy tiid kin publyk der noch wol telâne.
De Haan is sûnt twa moanne yn funksje. Mear dêroer fertelt er sneintemoarn om 11 oere yn it radioprogramma Buro de Vries.