Gaslekken hâlde de Fryske brânwacht dwaande

De brânwacht yn Fryslân is sneontemoarn twa kear útriden foar in gaslek. Oan de Grindwei yn Skerpenseel gie it mis doe't in bewenner yn de tún in âlde peal út de grûn luts en derby de gaslieding rekke. It nutsbedriuw hat de lieding makke.
Oan De Kamp yn Nes (D) waarden by graafwurk in gaslieding en in stroomkabel stikken lutsen. De brânwacht hat mjittings dien. De wenning hat sûnder stroom sitten.