Amateurs lotsje geunstich foar foarrondes bekertoernoai

01 jul 2017 - 10:58
ONS Snits tsjin Harkemase Boys - Foto: AWfoto

De Fryske amateurklups hawwe it net min troffen by de lotting foar de foarrondes fan de KNVB-beker. Bûtenpost spilet yn de earste foarronde thús tsjin sneinsearsteklasser ZSV út it Brabânske Deurne. As dy wedstriid wûn wurdt, wachtet yn de folgjende ronde in thúswedstriid tsjin sneonshaadklasser SC Genemuiden.

Harkemase Boys en ONS Snits waarden frijlotte yn de earste ronde. Yn de twadde ronde spilet Harkemase Boys thús tsjin de winner fan de wedstriid tusken haadklassers Sparta Nijkerk en Purmersteijn. ONS spilet út tsjin haadklasser DFS út Opheusden.

As de twa foarrondes oerlibbe wurde, helje de klups it haadtoernoai fan de KNVB-beker. Dan streamt ek in grut part fan de profklups yn. De wedstriden yn de earste ronde wurde op sneon 19 augustus spile. De twadde ronde stiet pland foar 23, 26 of 27 augustus.

Earste ronde:

Bûitenpost - ZSV
Harkemase Boys en ONS Snits frijlotte

Twadde ronde:

Bûtenpost/ZSV - SC Genemuiden
DFS - ONS Snits
Harkemase Boys - Sparta Nijkerk/Purmersteijn

(Advertinsje)
(Advertinsje)