Fries Museum bringt Fryske sporten foar it fuotljocht

Eric Giraudet de Boudemange op reis troch Fryslân © Fries Museum
Yn it Fries Museum is fan sneon ôf in keunstpresintaasje te sjen oer Fryske sporten. It is in lânskip, in ûntwerp fan de Frânske keunstner Eric Giraudet de Boudemange. Om ynspiraasje op te dwaan hat er in reis troch Fryslân makke. Hy ferbynt yn syn wurk âlde tradysjes as fierljeppen en aaisykjen mei aktuele ûntwikkelingen as de yntinsive lânbou. Hy hat bygelyks fiif polsstokken makke yn fûle kleuren en patroanen, en ek in film dêr't er yn sjen lit hoe't er sels it fierljeppen leart.
In oare fideo is ynspirearre op it wylsterflappen. Foar dizze tradysje blaast in fûgelfanger op in fluit fan skieppebonke om wylsters (goudplevieren) te lokjen. It lûd fan de fûgels is ek te hearren.
De kolleksje fan it Fries Museum makket ek diel út fan de tentoanstelling. Eartiids rûnen Fryske boeren mei in saneamde 'mjitketting' troch it lân om de grutte fan it grûnopperflak te bepalen. Dat metryske stelsel fan doe wurdt hjoed-de-dei net mear brûkt. It Fries Museum hat sokke mjitkettings. De keunstner Eric Giraudet de Boudemange hat sels ek in tal mjitkettings ûntworpen. De lânskipstentoanstelling duorret oant 7 jannewaris 2018.