Man (26) mei mes yn hals stutsen yn Ljouwerter kroech

01 jul 2017 - 10:02

By in stekpartij yn in kroech op De Weaze yn Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon in 26-jierrige Ljouwerter mei in mes rekke yn de hals. Plysjes ha earste help ferliend.

De fertochte wie ek noch yn de kroech. Hy koe fuortendaliks oanhâlden wurde. It giet om in man fan 28, út Ljouwert. Hy sit noch fêst. It slachtoffer mocht nei in sikehûsbehanneling wer nei hûs. 

Trefwurden: 
mes stekkerij kroech Weaze plysje
(advertinsje)
(advertinsje)