Tsjongerskâns wol kreamfersoargers better ynljochtsje

De gegevens dy't in kreamsoarger te hearren krijt oer in berntsje dat yn it sikehûs berne is, binne lang net altyd korrekt. En dat wylst hieltyd mear froulju der foar kieze om yn it sikehûs de poppe te krijen. Dat seit Petra Kuipers fan it sikehûs De Tsjongerskâns op it Hearrenfean. Om fouten foar te kommen, sille se yn dat sikehûs de gegevens oerdrage oan it bêd.
Yn Emmen en Grins giet it ek sa, mar de Tsjongerskâns is it iennige Fryske sikehûs dat dat sa docht. Kuipers ferwachtet dat oare Fryske sikehuzen dat foarbyld folgje sille.