Wâldwei (N31) dagenlang ticht foar asfaltearwurk

01 jul 2017 - 07:51

De Wâldwei (N31) tusken Ljouwert en Garyp is it hiele wykein ôfsletten fanwege wurksumheden oan de dyk. Der komt in nije asfaltlaach. Ferkear dat de kant fan Drachten op moat, moat omride oer Burgum of Hearrenfean. It wurk duorret noch oant moandeitemoarn 5 oere. Ferkear dat de oare kant op giet, fan Drachten nei Ljouwert, hat nergens lêst fan.

(advertinsje)
(advertinsje)