Kollum: "Anty-Frysk"

01 jul 2017 - 08:20

"Ik wit net oft jim wolris yn it de tsjerke fan Koartehimmen west ha. Sa net, komt ris del, soe ik sizze. It is in lyts, mar krigel gebou dat yn goede steat is en as jim dizze simmer ris op in sneontemiddei yn de buert binne, is de doar iepen omdat de pleatslike kommisje meidocht oan Tsjerkepaad. Ja, de pleatslike kommisje, want de tsjerke is net mear eigendom fan in tsjerklike mienskip. De lokale protestante gemeente wie eigner fan twa tsjerken en hat ien oerdien oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Dat wie dus it tsjerkje fan Koartehimmen, dat ea in dependânse west hat fan it kleaster yn Smelle Ie.

As de Stichting Alde Fryske Tsjerken in gebou oernimt, moat der in pleatslike kommisje komme om dy tsjerke te eksploitearjen. Dus, aktiviteiten organisearje, de boel kreas hâlde en sa mear. Ik sit yn dy kommisje en twittere dizze wike in panoramafoto de wrâld yn mei in oersjoch fan de nije tentoanstelling dy’t dizze simmer permanint te sjen is tidens Tsjerkepaad. Gewoan in tweet op eigen manneboet, yn it Frysk, sa as ik hast altyd doch. Ik neamde de Stichting Alde Fryske Tsjerken der ek even by yn dy tweet, omdat it no ienkear harren gebou is en wat ekstra reklame is aardich foar de eksposanten. Ik krige al gau in retweet fan de stichting. Mar der reagearre ek in oar op mei de frijwat bitende tekst: Graag in het Nederlands, jullie krijgen subsidie…

Dizze tweet wie net pleatst troch de stichting, mar troch my. Dus waard ik in bytsje kiezzich. Ik twittere werom: Ik bin zzp’er en frijwilliger, achte puntje puntje. Beide sûnder subsydzje. Dêr kaam wer in anty-Fryske reaksje op, mei as boadskip dat de minsken yn de wrâld sa’n Fryske tweet grif net lêze kinne. Dêrop skreau ik as reaksje: Dat wit ik net, mar neffens my is de twadde rykstaal folslein legitym om te brûken. As jo dêr wat fan fine wolle: prima. Ik twitterje Frysk.

Dêr krige ik in oantal ‘vind ik leuks’op en in pear reaksjes. De diskusje gie noch in dei as wat troch, mar de reagearder hat no de anty-Fryske tweets ferwidere. Dat is wat my oanbelanget in spultsje fan sloppe knibbels, ik ferwiderje nea in tweet dêr’t ik in miening yn ferkundigje. As je dêr net goed oer neitocht ha is dat jo eigen skuld, mar ferwiderje hat gjin doel, der is by in nuvere tweet altyd wol ien dy’t der fluch in screenshot fan makket en je dêr letter mei om de earen slacht.

Wat is it dochs dat de minsken dy’t net Frysk net machtich binne der sa fûl op reagearje? Ik tink dat der hast gjin taal is dy’t safolle reaksjes opsmyt as je 'm brûke. Ik bin bang dat der minsken binne, ik sil gjin nammen neame, dy’t miene dat as se Frysk twitterje, minder folgers hâlde sille. En dus twitterje se mar yn it Nederlânsk. Lekker feilich. It makket trouwens net út hokker taal je brûke, fan Russysk oant Ingelsk, je sille hast nea in reaksje op de taal krije. Mar twitterje jo yn Nederlân Frysk en der binne in oantal dy’t dy tweet retweete, kinne je der donder op sizze dat der in skerpe reaksje op komt. Sjoch mar as Praat mar Frysk in jierlikse Fryske Twitterdei beneamt.

Earlik sein: Soks soe eins net nedich wêze moatte. Friezen binne benaud foar harren eigen taal. Ik ha in soad Nederlânske folgers dy’t my krekt folgje omdat ik Frysk twitterje. Fine se leuk. En fine se it net leuk: dan folgje se in oar. Mar se kinne it om de donder wol lêze, hear, dy 140 tekens, oars reagearren se net."

(Advertinsje)
(Advertinsje)