Fertochten Haanstra noch fêst

26 okt 2011 - 16:45

De rjochtbank yn Ljouwert hat it foararrest fan de trije fertochten yn de saak Hannie Haanstra ferlingd. Twa Drachtsters (19 en 37) bliuwe 60 dagen langer fêst sitten, in Drachtster (16) 30 dagen. Haanstra (48) is begjin septimber by syn hûs yn Drachten swier mishannele doe't yn syn strjitte in grutte rúzje ûntstie. Hy ferstoar letter yn it sikehûs. In man (34) út Veenendaal wie ek oanhâlden, mar is letter frijlitten. Hy is noch wol fertochte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)