Lytse tsjerkûltsjes by Earnewâld hawwe harren nammen krigen

30 jun 2017 - 22:40

De lytse tsjerkûltsjes (goudûltsjes) dy't de ôfrûne maitiid berne binne yn it nêstkastke fan It Fryske Gea yn Earnewâld, hawwe de nammen Martsje, Murkje, Joukje en Uilke krigen. It Fryske Gea hie in priisfraach útskreaun. Minsken dy't de berte en it opgroeien fan de goudûltsjes op de livestream fan de webside folge hawwe, koenen nammen opjaan.

Ut 150 ynstjoeringen binne fjouwer priiswinners keazen. De ûltsjes waarden úteinlik troch ûlesaakkundige Freerk Jelsma ringe mei harren nije namme. Winner waard Jantsje Zwart mei Martsje. Twadde waard Anna Halma mei Murkje, tredde Agnes Boersma mei Joukje en fjirde Hendrik Schippers mei Uilke.

(advertinsje)
(advertinsje)