Easterlittens wint 19e edysje iepen FK Jeu de Pelote

Thúsfavoryt Easterlittens hat freedtejûn de njoggentjinde edysje fan it iepen FK Jeu de Pelote op syn namme skreaun. Yn de finale mei in protte reinwetter waard mei 9-8 en 40-0 ôfrekkene mei Ljouwert. It wie in spektakulêre finale. By it skoft stie Easterlittens mei 5-1 foar, mar dêrnei kamen de Ljouwerters werom. It waard sels 6-5 foar Ljouwert, mar úteinlik luts de thúsploech dochs oan it langste ein. De ploegen fan Easterein en Winsum waarden ôfrûne tongersdei al útskeakele en pakten sadwaande de brûnzen medaljes.
By Easterlittens spilen de neven Zijlstra, Jochem Bouma, Jelle Jan Rodenhuis en Pier Piersma. De Ljouwerter tsjinstanners bestienen út Pieter Jan Plat, Hilbrand Visser, Joukje Bosje, Karel Nijman en Feiko Broersma.
By Ljouwert koene Hans Wassenaar en Enno Kingma net meidwaan, by Littens wie Erwin Zijlstra der net by. Dizze trije keatsers stiene yn de finale fan de haadklassepartij op It Hearrenfean. Kingma en Wasssenaar pakten dêr de priis, Zijlstra de preemje.