Renovaasje Oosterbrêge yn Harns djoerder as tocht

03 jul 2017 - 06:44

De renovaasje fan de Oosterbrêge yn Harns wurdt djoerder as yn it foar tocht waard. Dat komt omdat der mear wurk dien wurde moast as ferwachte. It kin wolris 70.000 euro ekstra kostsje, seit in wurdfierder fan de Harnzer monumintestichting.

De Oosterbrêge wurdt moandei werompleatst oer de Zuideroostsingel yn Harns. Dat hie eins begjin maaie al moatten. It liket derop dat de gemeente Harns opdraaid foar de ekstra kosten. De monumintestichting, dy't de eigener is fan de brêge, hat gjin finansjele middels.

Trefwurden: 
Harns renovaasje Oosterbrêge
(Advertinsje)
(Advertinsje)