Boargemaster: "Loads moat sa gau mooglik ticht''

30 jun 2017 - 21:01

De drugsloads dy't freedtemoarn ûntdutsen waard yn Berltsum moat sa gau mooglik foar langere tiid sletten wurde. Dat seit boargemaster Tom van Mourik fan de gemeente Menameradiel. Neffens him moat de rêst en de feiligens yn de buert no foarop komme te stean. ''Ik wol it pân hiel rap foar langere tiid slute'', sei de boargemaster. ''It is nammentlik net de earste kear dat hjir drugsprodukten oantroffen binne.''

De gemeenten stean yn dit soarte saken bûten it strafrjochtlik proses, mar dochs hawwe de boargemasters in tal bestjoersrjochtlike ynstruminten om yn te gripen. ''Yn de lêste oardel jier haw ik twa kear in loads en ien kear in hûs foar in pear moannen sletten'', fertelt Van Mourik. ''Wy hawwe de eigener noch net berikke kinnen, mar dizze loads moat sa gau as mooglik foar langere tiid ticht.''

Yn it drugslab waard freedtemiddei amfetamine oantroffen. Earder freed waarden twa fertochten út Den Haach oanhâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)