Enno Kingma-en-dy winne haadklassepartij op It Hearrenfean

30 jun 2017 - 20:40
Kening Enno Kingma - Foto: Henk Bootsma

It partuer fan Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar hat freedtejûn it haadklassekeatsen frije formaasje op It Hearrenfean wûn. Yn de finale wienen Kingma-en-dy mei 5-3 en 6-2 te sterk foar it partuer fan Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra. Enno Kingma waard útroppen ta kening.

Foarich wykein wûnen Van Zwieten-en-dy noch it haadklassekeatsen yn Berltsum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)