Van der Velde wol ek boekhannel yn Harns

30 jun 2017 - 20:00

Boekhannel Van der Velde wol nei Dokkum ek in fêstiging iepenje yn Harns. De boekwinkel soe dan gearwurkje mei de biblioteek yn de stêd. De gemeente is dwaande mei it keapjen fan it gebou dat tusken de biblioteek en museum it Hannemahûs sit. Van der Velde soe him dêr dan fêstigje en mei de biblioteek oplûke wolle mei ynset fan bygelyks personiel. De yntree fan de biblioteek soe dan ek fia de boekhannel gean.

De ried fan Harns moat noch akkoart gean mei it foarstel. Neffens Ad Peek van Van der Velde binne dit soarte fan konstruksjes de takomst foar de boekhannel. As alles goed giet, moat de boekhannel foar augustus 2018 klear wêze foar iepening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)