Keunstwurken 'De Stijl' op keunstwykein yn Beetstersweach

30 jun 2017 - 18:34

De keunst fan 'De Stijl' stiet op it heden lanlik sintraal. Nei Drachten slút ek Beetstersweach dêr dit wykein by oan mei it Keunstwykein Beetstersweach. De gebouwen fan Revalidaasje Fryslân binne it sintrum fan in wedstriid mei hast fjirtich keunstners dy't wurken ynstjoerden yn de styl fan 'De Stijl'. Dêr hinget wurk fan profesjonele keunstners, mar ek fan skoalbern.

De keunstwurken binne anonym útstald en de sjuery, ûnder lieding fan Paulo Martina, makket sneintejûn de winner bekend. Besikers kinne in stim útbringe foar de publykspriis. De útstalling is op sneon 1 en snein 2 july de hiele dei iepen foar publyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)