Postúm earbetoan foar Amelanner kardinaal De Jong yn tsjerke

03 jul 2017 - 06:21

Kardinaal Johannes de Jong (1885-1955) fan It Amelân krijt goed 60 jier nei syn dea in earbetoan yn de weropboude Sint Clemenstsjerke yn Nes. Fjouwer jier lyn baarnde de tsjerke foar it grutste part ôf. Ek alle glês-yn-lead ruten gienen ferlern. Foar de katolike mienskip in moaie en emosjonele wize om it ferhaal fan de op It Amelân berne kardinaal te fertellen, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn ferset kaam tsjin de besetters. It ûntwerp fan it rút is fan keunstskilder Randolph Algera fan It Hearrenfean.

Fersetsbrief

Pastoar Henk Nota fan de Sint Clemenstsjerke is bliid dat it rút der no yn sit. Earder siet der in rút yn dat de kardinaal krigen hie by syn 40-jierrich prysterskip. "Dat in lyts eilân as It Amelân in kardinaal levere hat, is fansels al hiel bysûnder", fertelt Nota. "Dêrneist hat kardinaal De Jong ek in hiele belangrike rol spile yn de Twadde Wrâldoarloch." Yn gearwurking mei ûnder oaren keningin Wilhelmina die hy de oprop oan alle haadredakteuren fan nijsblêden om net loyaal te wêzen oan de Dútsers en de NSB-ers én neat foar harren te publisearjen. "Yn it rút stiet de kardinaal dêrom ôfbylde mei de fersetsbrief mei de tekst 'Non possumes non loqui', ofwol 'Wy meie net langer swije'.

Domtoer en San Clemente

Op de eftergrûn yn it kardinaalsrút stiet de Domtoer fan Utrecht as ferwizing nei de Nederlânske biskopsstêd. Ek is de absis út de San Clemente yn Rome te sjen. Kardinaal De Jong wie titelkardinaal fan dy tsjerke. Oan syn fuotten stiet it Lam Gods ôfbylde mei dêrûnder de wapenspreuk 'Domini mihi Adjutor', ofwol 'De Heer is mijn helper'.

Peter en Paulus

It glês-yn-lead-rút, links fan it kardinaalsrút, ferwiist nei Rome en de Sint Pieter. "Petrus is te sjen, sittend op in rots, as symboal foar de branning. De kaaien yn syn hân ferwize nei de kaaien fan de himel." Yn it rjochter rút sit Paulus op in steapel boeken. "It stiet symboal foar de fjouwer boeken oer de tsjerkeskiednis dy't kardinaal De Jong skreau", leit pastoar Nota út. "Yn datselde rút sjochst ek it fredeskrús, lykas dat yn de Vredeskapel fan Utrecht werom te finen is."

Wetter

Under de trije ruten streamt wetter. "It wetter fan de Tiber, de rivier de Rijn en it wetter fan de Waadsee streame yn inoar oer." As lokale ferwizing strielt de fjoertoer fan It Amelân syn ljocht oer kardinaal De Jong. "It ljocht as beaken yn stoarmige tiden, lyk as De Jong in beaken wie yn oarlochstiid."

Ferwizing nei pater Titus Brandsma

De fersetsbrief fan kardinaal De Jong komt ek werom yn in oar rút yn de tsjerke dêr't pater Titus Brandsma yn ôfbylde stiet. De ynhâld fan dy fersetsbrief moast Brandsma úteinlik mei de dea bekeapje yn konsintraasjekamp Dachau.

Laudato Si

De kommende moannen wurde noch mear ruten pleatst yn de Sint Clemenstsjerke op It Amelân. Sa sille de ruten yn de sydkapellen fan de katolike tsjerke ophongen wurde oan it tsjerklike tema 'Laudato Si', basearre op it pauslik dokumint fan paus Franciscus út 2015 dat minsken opropt om mei soarch om te gean mei de ierde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)