Paniel ûntbleate oer oarlochsdrama yn Noardwâlde

© Lourens Looijenga
Op it begraafplak yn Noardwâlde is freedtemiddei in ynformaasjepaniel ûntbleate as oantinken oan in drama út de Twadde Wrâldoarloch. It is freed 75 jier ferlyn dat der yn it doarp in bommewerper delstoartte nei't it út de loft sketten wie. De acht bemanningsleden, út fjouwer ferskillende lannen, kamen dêrby om it libben. Se lizze begroeven op it begraafplak yn Noardwâlde.
It ynformaasjepaniel moat besikers yn taal en byld ynformearje oer dizze skiednis.