Nije keeper SC Cambuur: Jesse Bertrams

30 jun 2017 - 18:09
Foto: SC Cambuur

Jesse Bertrams wurdt de nije keeper fan SC Cambuur. De 22-jierrige doelman komt oer fan Lommel United yn België. Dêrfoar spile er by Jong PSV, dêr't er ek yn de jeugd spile. Bertrams hat in kontrakt tekene foar ien jier, mei de opsje foar noch in jier. Cambuur wie op syk nei in nije keeper, nei't de kontrakten fan doelmannen Leonard Nienhuis en Harm Zeinstra net ferlinge waarden.

Technysk direkteur Gerald van den Belt: "Jesse heeft alles gespeeld op het tweede niveau van België en daar laten zien hoe betrouwbaar en talentvol hij is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)