Kommisje ûndersiket takomst fan seehûne-opfanglokaasjes

30 jun 2017 - 17:32
Foto: Omrop Fryslân

In spesjale kommisje sil ûndersykje hoe't de opfang fan seehûnen der yn de takomst útsjen moat. Dat hat it ministearje fan Ekonomyske Saken witte litten. Se sille sjen wannear en hokker seehûnen opfongen wurde moatte en ek hoe't de bisten it bêste frijlitten wurde kinne yn de natuer.

Yn Nederlân binne fiif opfangsintra foar sike seehûnen, wêrûnder dy op Skylge. De kommisje set 1 septimber útein mei it ûndersyk en komt binnen seis moannen mei in advys.

(advertinsje)
(advertinsje)