Heger berop Tsjûkemarmoard: hegere selstraf fertochte

30 jun 2017 - 17:27
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn heger berop yn de Tsjûkemarmoard is tsjin ien fan de fertochten in flink hegere selstraf easke as dat de rjochtbank him earder oplein hat. Neffens de advokaat-generaal moat de 29-jierrige man seis jier de sel yn, yn stee fan de twa jier dy't er earder krige. De man wurdt fertocht fan belutsenheid by de dea fan Omar Kourrich út Amsterdam.

It slachtoffer waard yn in winkel yn elkoar slein en ferstoar. Syn lichem waard op in parkearplak by de Tsjûkemar yn de brân stutsen. Tsjin in oare fertochte yn de saak waard yn heger berop acht jier sel easke, like folle as er earder fan de rjochtbank oplein krige.

(advertinsje)
(advertinsje)