Gjin medalje foar judoka Margriet Bergstra

Margriet Bergstra by in training
Judoka Margriet Bergstra fan De Lemmer hat freed krekt gjin medalje helle by de Grand Prix yn Hohhot yn Sina. Se ferlear yn de klasse oant 57 kilo de striid om it brûns fan de Dútske Viola Wächter, dy't mei ippon (1 punt) te sterk wie. Earder dit seizoen helle Bergstra wol it brûns op de Grand Prix yn Tblisi, Georgië. Ek Natascha Ausma fan Lippenhuzen komt yn aksje yn Sina. Sy stiet sneon yn de klasse oant 70 kilo op de tatami.