Min waar: iepenloftspul fan Dronryp giet net troch

30 jun 2017 - 16:11
Dronryp - Manon - Foto: Omrop Fryslân

It iepenloftspul Manon dat freedtejûn yn Dronryp spile wurde soe, giet net troch. De organisaasje fynt it net ferantwurde, foar spilers en publyk, fanwege it minne waar dat foarsein wurdt. It sil freedtejûn reine.

Minsken dy't kaarten hawwe, kinne no snein yn Dronryp telâne. Dan wurdt om 21.00 oere de foarstelling ynhelle.

Trefwurden: 
Iepenloftspul Dronryp waar
(Advertinsje)
(Advertinsje)