Diere-ambulânse Ljouwert hellet gjin ferwûne bisten mear op

30 jun 2017 - 16:07

De diere-ambulânse yn Ljouwert hâldt foarearst op mei harren wurk omdat it jild op is. Frijwilligers soene gjin kontant jild yn de kas dellein hawwe dat ferkrigen waard út betellingen fan minsken dy't gebrûk makken fan de diere-ambulânse. Dat seit de foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan de diere-ambulânse, Rabhin Jainandunsing. Se stutsen it jild neffens him yn eigen bûse. Hy sil oanjefte dwaan fan de fermissing fan it jild.

Neffens de gemeente hat Jainandunsing it kontrakt mei de gemeente iensidich opsein, mar nimt De Wissel de taak fan de diere-ambulânse oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)