Warkumer brêgewipper Jonker betanke foar rêden fan toerist

30 jun 2017 - 15:41
Louke Jonker krijt betankje fan kfdK Arno Brok en deputearre Sietske Poepjes - Foto: Provinsje Fryslân

Brêgewipper Louke Jonker út Warkum is troch de provinsje yn it sintsje set omdat er ferline wike in Dútske toerist út it wetter rêden hat. De man kaam ferline wike yn Follegea mei syn holle tsjin it beton, doe't er de brêge passeare woe. Hy foel yn it wetter en rekke út de tiid. Jonker sprong yn it wetter en helle him derút. Dêrnei is er yn syn wiete klean wer oan it wurk gien. Hy krige freedtemoarn in bosk blommen en in jildsjek fan kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearre Sietske Poepjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)