Hearrenfean spilet op fjild fan jubilearjende klup Wytmarsum

30 jun 2017 - 19:00
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Fanwege it fyftichjierrich jubileum fan fuotbalferiening SV Mulier út Wytmarsum spilet sportklup Hearrenfean dêr heal july in oefenwedstriid. Tsjinstanner is Volendam. De jubileumkommisje hat der alles oan dien om de oefenwedstryd nei Wytmarsum te heljen en hopet dat der in soad publyk op ôf komt. Fuotbalferiening Mulier waard yn 1967 oprjochte en is neamd nei de grûnlizzer fan it fuotbaljen yn Nederlân: Pim Mulier, dy't yn Wytmarsum berne waard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)