FIDEO: BAUCK!, it spektakel set freed útein

30 jun 2017 - 15:30

It teäterspektakel BAUCK! fertelt it ferhaal fan de earste Fryske frijheidsstriidster; Bauck van Hemmema, de Fryske Jeanne d'Arc. Sy waard op Skylge berne as Bauck van Popma en is de âldmuoike fan Grutte Pier. Sybe Joostema makke fan har spektakulêre libben in ferhaal. Freedtejûn is de premjêre fan it, al yn it foar, útferkochte spektakel.

It teäterspektakel wurdt opfierd yn it Hemmemapark yn Berltsum. Dat wie ek it plak dêr't Bauck trije kear it Hemmemakastiel (dat foar in part yn ‘e Middelsee stie) mei faasje ferdigene hat. Bauck! spilet him ôf oan de ein fan de midsiuwen. It ferhaal draait om Bauck van Popma. Se fersloech in oanfal op it slot Hemmema yn Berltsum, dêr't se mei har man Doecke van Hemmema wenne. Bauck van Popma wurdt sjoen as strider foar de ienheid fan Fryslân. Letter wurdt se op fersyk fan har tsjinstanners fêstset yn de finzenis fan Grins.

Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.

Trefwurden: 
Iepenloftspul Bauck! Berltsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)